Echte kobisten

echte kobisten
In Kaapske buffel (Synceris caffer).
In Kaapske buffel (Synceris caffer).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
boppefamylje: holhoarnigen en muskusharten
   (Bovoidea)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: kobisten (Bovinae)
tûke: echte kobisten (Bovini)
Gray, 1821

De echte kobisten (wittenskiplike namme: Bovini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre û.m. de domestisearre ko (Bos taurus), de bizons (Bison) en de Kaapske buffel (Synceris caffer).

De groepen dy't it naust besibbe binne oan 'e echte kobisten, binne de tûken fan 'e nylgauwen en fjouwerhoarnantilopen (Boselaphini) en fan 'e antilope-eftigen (Strepsicerotini, foarh. Tragelaphini). De mienskiplike foarâlder fan alle echte kobisten libbe nei alle gedachten 5 oant 8 miljoen jier lyn. De earste skaaien dy't har fan 'e echte kobisten ôfspjalten, wiene de Yndyske buffels (Bubalus) en de Afrikaanske buffels (Syncerus), folge troch de kij (Bos).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in